Stille helden.
Oeral om dy hinne
fynsto minsken krekt as ús
dy't troch 't lot mar ien ding kinne
en soargje foar in neiste thús
se sille net gau freegje
om wat stipe fan in oar
mar lit dy noeders witte
wy binne der foar elkoar
Om der tuskenút te kinnen
dat falt se net sa licht
en do hearst se ek net stinnen
want se sjogge dit as har plicht
mar in fersetsje hat men nedich
om wer fierder troch te gean
lit gjin noeder sitte
lit sy witte dêr 't wy stean
Sjoch ris om du hinne
der binne mear ast tinkst
want it libben kin raar rinne
hokker wyn asto ek drinkst
it kin elkenien oerkomme
dus rin der net foar wei
help de noeders helpen
foar in oerke of in dei
It binne stille helden, sûnder lintsje, sûnder priis
en it binne lytse dingen, dy 't dy sterkje yn de striid
nimmen is allinne, kom, sjong mei my dit liet.
Piter Wilkens
Stille Helden luisteren